De stikstofkrisis en de feroarings yn de lânbou hawwe ek grutte gefolgen foar de Fryske leanbedriuwen. Guon bedriuwen skale ôf of hâlde sels op, omdat se hieltyd mear klanten ferlieze yn de agraryske sektor.
Cumela, de brânsorganisaasje fan leanbedriuwen, fertelde dit sneon yn Koartwâld oan lânbouminister Piet Adema. Cumela frege de minister om dúdlike regels foar de lange termyn, sadat de bedriuwen wite wêr’t se wol en net yn ynvestearje moatte.
“De ynvestearringen yn masines wurde hieltyd grutter en heger. Dúdlikheid is dêrom hiel wichtich foar ús”, fertelde gasthear Bert Luimstra oan de minister.
Cumela hat yn Fryslân sa’n 145 leden. Dy hawwe yn trochsneed 10 wurknimmers en in jieromset fan 2 miljoen euro. De helte fan de omset wurdt fertsjinne yn de agraryske sektor en benammen dy omset stiet ûnder druk.

Adema yn petear mei ûndernimmers fan leanbedriuwen. Links fan him Peter Toering fan Aldegea© Omrop Fryslân

Leanwurker Peter Toering út Aldegea yn Smellingerlân ferlear de lêste tiid in soad klanten. Doe’t bekend waard dat Nederlânske boeren de derogaasje ferlieze, it rjocht om mear stront út te riden as de Europeeske trochsneed, naam hy it beslút om syn bedriuw ôf te skalen.
Toering ferkocht de measte masines en syn wurknimmers sochten in nije baas. Sels giet er wol troch, mar op in folle lytsere skaal.

We hawwe besletten om in grut part fan ús bedriuw ôf te stompen.

Peter Toering, leanwurker yn Aldegea

“Wy sitte midden yn in Natura 2000-gebiet. Der binne by ús in soad bedriuwen dy’t ophâlde en wy sitte tsjin de Hegewarren oan. We hawwe dêrom besletten om in grut part fan ús bedriuw ôf te stompen”, fertelde Toering net sûnder emoasje oan de minister.
Toering fynt it tagelyk wol wat bryk dat boeren dy’t ophâlde finansjeel kompensearre wurde, mar dat der foar taleverjende bedriuwen as leanwurkers neat regele is. “Boeren krije in fikse fergoeding, mar de leanwurker bliuwt mei lege hannen stean. Ik fyn it belangryk dat soks op tafel komt by de minister.”
It petear wie yn Koartwâld by leanbedriuw Luimstra. Troch it ferdwinen fan de derogaasje krijt hy it as spesjalisearre dongtransporteur krekt drok.
Mar om foar al dy stront wer in goed plakje te finen, is neffens eigener Bert Luimstra noch wol in útdaging. “Wy hawwe klanten dy’t earder dong oanfierden, mar dy’t no ek stront ôffiere omdat de romte hieltyd lytser wurdt. It sil dêrtroch hieltyd lestiger wurde.”
By Luimstra is de agraryske sektor goed foar 17 prosint fan de omset. Dat kollega-leanwurkers dy’t ôfhinklik binne fan de lânbou it net maklik hawwe, begrypt de ûndernimmer wol.Boeren dy’t bliuwe, hawwe faak te krijen mei lytsere arealen dy’t se bebuorkje meie. Bert Luimstra, leanbedriuweigener
“Wy hawwe ek stoppers yn ús klantekring”, seit Luimstra.
“Boeren dy’t bliuwe, hawwe faak te krijen mei lytsere arealen dy’t se bebuorkje meie.
Bert Luimstra, leanbedriuweigener
Wy sille dêrom gearwurkje mei in oar leanbedriuw, sadat we ús masines wol safolle mooglik oan de gong hâlde. Dat moat wol, want oars kin it net út.”
Ek de enerzjytransysje is in útdaging foar de leanbedriuwen. In soad bedriuwen wolle graach ynvestearje yn eigen sinnepanielen of wynmûnen, mar dat is lang net oeral mooglik fanwege de beheinde kapasiteit fan de stroomkabels yn it bûtengebiet.
De sektor wol ek graach oerlizze mei de provinsje oer in goed rûtenetwurk foar lânbouferkear. It smeller meitsjen fan guon diken is foar leanwurkers in probleem. Itselde jildt foar aslêstbeheining, it maksimale gewicht fan in wein foar elke as, by guon Fryske brêgen sa as dy fan Koatstertille en Spannenburch.
Bert Luimstra fan Koartwâld krijt it drok mei stronttransport